
29-12-2009 om 8.30 oere yn de moarn
 8 kear gie de liftploech fan Wommels op 1 jannewaris fuort. Dizze njoggende kear wike sij ōf fan de tradysje. Op tiisdei 29 desimber, moarn om 8.30 oere of sa folle letter is de start bij Jimbar yn Wommels. De ferwachting is dat sij meielkoar āld en nij fiere yn Skotlān. Op 1 jannewaris let op de jūn hoopje se wer yn Wommels oan te kommen.
De njoggende bestimming
 Ferline jier makke Namkje Koudenburg dit moaie kaartsje. Giel wie al berikt en doe wiene der noch trije reade stjerren. Bestimmingen wźr't se noch hinne woene. Ferline jier waard it Tulln yn Eastenryk (ien fan de reade stjerren), dit jier Stirling yn Skotlān (de twadde reade stjźr) en dan is it dus maklik om de bestimming fan takem jier te bepalen. Earne yn Frankryk.
De dielinimmers Graach stelle wij de lifters oan jim foar: De 10 koppels:
Sjoerd van Beem en Teade de Boer
 Ferline jier skreaunen se: haw gjin noed, it komt goed, wij sille goed op se passe. Beide hālde net fan gekoanstekken. Sjoerd is grutsk op alle lifters mar foaral op Teade. En Teade is grutsk op Sjoerd, mar foaral op de oare lifters, at dy letter oankomme as harren.
Tjitte Jelle Verbeek en Hadewey Ras
 Bij dit team stiet de kolletiviteit foarop. Bij it regeljen fan de weromreis diene se de hertegjalp: Graach kollektieve betingsten minsken. Dat is in fundament foar it liften!!
Namkje Koudenburg en Wybren Jorritsma
 At it liften net śtfūn wie, dan hiene sij it dien. Altyd suksesfol tidens de wedstriid mar ek altyd dwaande om it ferbliuw en de weromreis goed te regeljen. Ferline jier nū 1, mar at se dit jier wer as earste in bźd śtsykje is mar de fraach.
Jimmy Linders en Sytze Hibma
 It liften giet oer de profinsjegrinzen hinne, want Jimmy komt spesjaal earst śt Limburg wei om dźrnei mei Wommelser Sytze wer ōf te sakjen nei it Sśden. Jimmy kin al Frysk sms-se en se neame harren foar dizze reis McLinders en McHibma.
Jaring Rispens en Sjoerd Rispens
 De bruorren Rispens sill harren twitterjend nei de einbestimming lifte. Oefenje it hiele jier al om de tomme omheech te hālden. Hawwe in hekel oan warme hotelkeamers en geane net foar de whiskey nei Skotlān mar foar de natoer.
KLaas Malda en Amarins Bouma
 Wat stiller wat better, is meast it motto fan Klaas en Amarins(?). Dat is lykwols net altyd suksesfol. Binne krekt wer op temperatuur nei de lange stop ferline jier. Wolle revāns, oefenje wol gauris mei liftsjen nei Boazum en sms-se dit jier bij elke lift.
Arjen Klaversma en Wytske Vermeulen
  In debśtant śt Mantgum mei in ālde rot fan earder Kūbaard. At lifte in sport is, meitsje sij in grutte kāns. At skeelers tastien binne ek. Arjen docht foar dizze gelegenheid in sjurt mei lange mouwen oan en Wytske giet sūnder holle doekje. En Arjen lit śs witte dat hij Wytske oerhelle hat om yn Mantgum wenje te kommen en Wytske him oerhelle hat om mei nei Skotlān te liftsjen.
Tsjeard Hofstra en Beitske Kooistra
  Tsjeard giet altyd foar de priis en Beitske foar de krāns. At se mei harren frysk ek in Ingelān en Skotlān sukses hawwe is de fraach. Tsjeard kin alle benzinestasjons yn Europa śt de holle en Beitske wit alles fan leefberheid op it plattelān.
Gertjan Hulzinga en Karen Buunk
 Der giet neat boppe Grins. Dochs wol: de liftwedstryd fanśt Wommels. Gertjan foar de safolste kear en dizze kear mei in debutante: Karen. Komt śt in echte Grinzer liftfamylje en wij hawwe begrepen dat der bij dizze sportive, reislustige fysioterapeute en bij har mem yn Scheemda al in sūne wedstriidspanning is ūntstien.
Marije Peenstra en Willem Visser
 
Marije Peenstra docht al wer foar de twadde kear mei. Ferline jier wist se Jaring śt dy ferfelende waarme hotelkeamers wei te hālden en dit jier docht se al mei op routine. Willem Visser, wit alles fan iten, komt śt Rien, keatst, fyts hurd en kin mei in Skots aksint prate.
De bestimming yn Stirling
Van: Willy Wallace Hostel [mailto:willy.wallace@btconnect.com] Verzonden: maandag 23 november 2009 16:39 Aan: Tsjeard Hofstra Onderwerp: Re: website enquiry
Hi, Thanks for your email, this looks like a fantastic race that you have planned. We can certainly accommodate you for the dates that you require. We can also organise our staff for the late arrivals that you will have. The cost of accommodation is £14 per person per night and you can book beds online via our website at www.willywallacehostel.com We look forward to having nyour group and Stirling is a great place for new year. Kind Regards Willy Wallace Hostel (www.willywallacehostel.com)
Fan Stirling nei Bremen
LEAVE LIFTERKES.. Der is boekt! Tweintich persoanen op in Ryan-air fleanbuske.. nei Bremen At wy yn śs libben noch ris in fleantśch kape wolle, dan is dit śs kans!
De priis wie jammergenoch al wat omheech gien.. We kinne gjin tassen ynchecke.. alles wat we meinimme kinne is hānbagage (of je moatte op it fleanfjild bybetelje, dat kin natuurlik ek) In tas mei 10 kilo swier weze en 55sm x 40sm x20sm grut. Dit is ynklusief kamera's, hāntaskes en beautykezen.
(Wisten jim trouwes datst by Ryan-air by 18 inkeltsjes en 2 retourkes koarting krijst?)
Haaihaai!
Namkje.
Fan Bremen nei Wommels
Alvast bedankt voor de aanvraag van een offerte voor Bremen Wommels. Ik heb het ook nog even bekeken , en kom uit op 272 km x 2 = 544 km 6 rijtijd uren en 1 uur rust voor de chauffeur, tevens komt er nog de duitse belasting bij.
Ik hoop je zo voldoende te hebben geļnformeerd , graag zie ik je reactie tegemoet . Ps. Ben wel benieuwd wat een liftwedstrijd inhoud, maar kom ik vast nog wel eens achter !!! veel plezier.
René van der Bles, directeur
In de nacht fan 1 op 2 jannwaris Tusken 0.00 en 1.00 komme de lifters oan bij Jimbar. Elkenien is dan herte wolkom.
|