| Liftferslach 2006 |
|
1 jannewaris, krekt foar healwei twa oere binne de 14 lifters bij Jimbar yn Wommels fuortgien. Wijd en Zijd 13.35 SMS: Teade en Klaas 13.50 SMS: Tjitte Jelle en Gert Jan H. 14.00 Mail fan Anna-Marie Wijnia 14.15 SMS Tjitte Jelle en Gert Jan H. 14.35 Mail fan Hinne Bokma 14.55 SMS Tjitte Jelle en Gert Jan H. 15.05 SMS Tsjeard en Niels 15.45 SMS Tjitte Jelle en Gert Jan H. 16.00 Mail fan Gerben 16.46 SMS Jan en Sjoerd 17.06 SMS Tsjeard en Niels 17.10 SMS Bram en Beitske 17.12 SMS Gert Jan H en Tjitte Jelle 17.40 SMS Jan en Sjoerd 18.00 Mail fan Tom en Janneke 18.05 Mail fan famylje Talsma 18.15 SMS Klaas en Teade (pas om 22.00 oere krigen) 18.33 SMS Tsjeard en Niels 19.05 SMS Bram en Beitske 20.28 SMS Gertjan H. en Tjitte Jelle 21.05 SMS Bram en Beitske 22.10 SMS Gertjan H. en Tjitte Jelle 22.20 SMS Niels en Tsjeard 22.25 SMS Teade en Klaas 22.34 SMS Teade en Klaas 23.58 SMS Jan en Sjoerd en Frans Piter en Gert Jan B. 00.25 SMS fan Wybren en Namkje 00.50 Mail mei foto fan Polizei 00.30 In knikkeboljende wepmaster It wurdt tiid om te sliepen. Moarn betiid wer nijs! 08.20 Mail fan Janneke
09.25 SMS fan Wybren en Namkje
10.30 SMS Tsjeard en Niels 10.35 Mail fan Jan Egbert Krikken, dielnimmer fan 2002 en húsgenoat Tsjeard 11.14 SMS fan Tjitte Jelle en Gertjan H. 11.30 Mail fan Marja Graafsma (freondinne fan Gertjan H. en dielnimster yn 2004 en 2005) 13.15 SMS Tsjeard en Niels 13.18 Mail Tsjeard en Niels Wa't nijs hat oer dizze "fermiste"stellen kin ús berjocht dwaan. 14.10 SMS fan Gertjan H en Tjitte J. 14.30 Mail fan Gerrit Koudenburg Heeeuuyy!!!
Nammer en Wybederen....SUPER!!!
H&M, Jordy, Sjouk, Sweety en Jerry
(Opm Aant: Neffens ûnbefestigde berjochten binne sij te plak? 14.45 SMS fan Tsjeard en Niels Binne N en W al oan? Opm. Aant: soe it net witte. Sy hawwe harren net meld. Mar it boppesteande mailtsje soe wat suggereare kinne. 15.25 Mail fan Sytze Jorritsma As dat mei Wybren en syn Nam sa is, soe dat geHELdich wêze
Opm. Aant: Ik tink datst him wol kâld sette kinst, Sytze 15.55 Mail fan oppasmem Minke Vijlbrief
Ik meitsje my wat ûngerêst oer Janneke. Is dat wol goed gongen mei dy hippie's? It is dochs gjin ûntfiering????
Opm. Aant: wij meitsje ús noch net ûngerêst, haw in soad fertrouen yn hippie's. Tink dat se noch efkes oer de blommenmerk binne foar de flower power jûn in Berlyn 16.10 SMS Tjitte Jelle en Gertjan H.
Stettin opm. Aant: se wurde wol wat koart fan stof, noch 399 kilometer 16.45 Tillefoan Sjoukje Koudenburg (sus fan) Wybren en Namkje lizze te pitten. Sij mienden dat se berjocht dien hiene : om 13.30 oere binne se oankommen. Sij binne de winners want sij binne yn :
Opm. Aant: Serdeczne zyczenia. (fan herte lokwinske) De ienigen dy't de hiele nacht troch gien binne, hawwe it doel berikt yn 24 oeren. Wij binne benijd wa't noch mear op it podium komt 16.31 SMS fan Bram en Beitske Aant, we hiene wol faker smst, mar dy binne dus net oan kaam hearde ik fan Paul. We binne no yn de middel of nowhere. Mar wol rjochting Stettin. ![]() opm. Aant: bliid dat wij fan it Bêd en Breakfast team ek wer wat heard ha. Bij Stettin rjocht troch en noch 399 kilometer. 16.50 SMS fan Klaas en Teade Goeie minsken, wij sitte yn sczeszenie of sa en dogge ús bêst om yn Slupsk te kommen . It nije motto is: jo binne faaks te foarsichtich. Opm. Aant: Ik soe sizze. lit jim ein net slûp(sk)e, jim kinne noch twadde wurde
17.00 SMS Bram en Beitske
Wij geane no nei Berlin, wêr wij stoenen koe net. Dêr sjogge wij fierder. Of hotel, of ....... opm. Aant: dit is sneu. Earst hiel noard Dútslân troch en dan dochs werom nei Berlin. Ien treast. Broer Sjoerd is noch lang sa fier net.
17.10 SMS Jan en Sjoerd Hee, bin Hofstra! We sitte al oan in pizza yn Hamburg, of wie it no in hamburger in Pisa. Groetnis Kwik , kwak, kwek en kwok
Opm. Aant: mar goed dat Dagobert jim omke is, en jim sponsert, oars koe dit fansels net. Mei 4 man krije jim ek net samar in lift liket mij. Is der net immen bij dy't in bytsje neitinkt? 17.30 SMS Tsjeard en Niels
Wij binne der!! Sjoch foto. F.l.n.r. Niels en Tsjeard Opm. Aant: Moai dien soan! Moai dien Niels. Jim sjogge wol wat kâld. 18.00 SMS Klaas en Teade
Hoi Aant! We binne hast yn Stupsk. Noard Poalen. Hoe is t mei de rest. Opm. Aant: Dy sliepe, dy binne oan it opwarmjen, dy sitte oan de pizza, dy sitte oan de hamburger of dy rinne lâns de dyk 18.45 Tillefoan Tsjeard Alles goed yn Hel. Utstoarne dyk it lêste ein. 19.00 Berjocht fan Tjitte Jelle en Gertjan H. Sy hawwe in lift nei Gdansk. Sij hoopje jûn ek noch oan te kommen. Opm. Aant: bin benijd at sij nr 3 wurde of team Klaas en Teade 19.05 SMS Klaas en Teade Tige tank foar de ynfo. Wij stappe daalk yn nei Lebork. Opm. Aant: Lebork Hel is noch 100 kilometer
19.10 Tip
At jim witte wolle wêr't Namkje, Wybren, Tsjeard en Niels no sitte dan kinne jim hjir sjen. Wolle jim wat yn it gasteboek sette fan Captain Morgan (it pension wêr't se sitte) klik dan hjir. Dan wit de hiele wrâld dat de lifters fan Wommels dêr sitten hawwe. It kin wol yn it Frysk want dat kinne sij krekt sa min lêze as wij it Poalsk.
19.15 Rekord Noch nea wiene der safolle besikers op ien dei op dizze side. Ferline jier tidens de liftwedstryd hellen wij 1143. Wij sitte no op 1141. En dat mei noch hast 5 oeren te gean. Dat docht ús goed. 19.30 Mail fan Heiko Kruger Congratulation for the winners !!! The motorway-police from Germany (Brandenburg/ Frankfurt(O) !!! Opm. Aant: wat kinne dy Dútsers goed Ingelsk. De Friezen trouwens ek.
20.30 Mail fan Henk Postma - de heitie fan Niels Niels en Tsjeard geweldig dien!!
no mar gau wer werom ût die hel!
20.45 SMS - Paul Reitsma, de wurdfierder fan B&B Brambix en Beitske nimme fanút Berlyn de nachttrein nei Gdansk dizze reis duorret 8 oeren. ‘kin ik moai de Elsevier efkes leze!’ aldus Bram 21.00 Mail fan Hendrik Eringa Spannum It moat yn (e) Hell wol skitterend wêze, as jo sjogge wat der efter de tap stjit.
Opm. Aant: Do sjochst de details altiten gelyk Ozzy 21.05 Aant Wij rekkenje der op dat er jûn noch twa teams binnenkomme. Bliuw it dus folgen, want ek sij wolle graach "hantsjeklappen" 21.20 SMS fan Sjoerd of sa He Aant, wat is bidden yn it Dúts want danke dat kinne wij no wol.? Wêr leit Poalen ûberhaupt? a. immer gerade aus b. keine ahnung c. unter dem linden d. zum bijspiel heidi klum,claudia schiffer, anna kournikova en sugarlee hooper. Oh ja, wa it antwurd goed hat makket kâns op in presintsje opm. Aant: Is der net in dokter yn Hamburg? Wat hat er yn dy pizza sitten? Kinne sij ein fan de wike ek opfongen wurde yn de fûgelpits fan Gaatske Wiersma? Of hat immen in oar idee? 21.30 Mail fan Jan van Asselt ik ha gjin liftnijs mar ik fyn it hartstikke aardich om it sa te folgjen. In prestaasje om sa yn Hel te kommen en ek in kompliment oan jim /de beide webmasters
Opm. Aant: tige tank, wij dogge it mei nocht en wille 22.00 SMS fan Klaas en Teade Wij sitte oan de bar yn Captain Morgan. Dank foar alles.
Opm. Aant: Fan herte Klaas en Teade en in bierke hawwe jim seker fertsjinne 23.20 Mail fan Dietmar (in sjoffeur fan Wybren en Namkje) Hello, hope to see more pics from the lifters/ hitch-hikers in the Captain Morgan bar. Would like to see you all again to the world championship final Germany-Netherlands. It was a great idea and it´s now a topic on my website: www.kaske.de Opm.Aant: seker de muoite wurdich om efkes op dy side te sjen. Dizze man hat in leuk ferhaaltsje makke oer it liften mei fansels Wybren en Namkje yn de haadrol. 23.45 Mail fan Willem Hij hat Tom krekt bij de Warntille weihelle. Koe sûnder Janneke gjin lift krije. Docht folgend jier wer mei , mei oare freondinne. 24.00 Bedtiid Moarn wer oan it wurk. Pleats noch wol wat nijs, mar wat minder faak.
05.15 SMS Tjitte Jelle en Gertjan H
Naar Gdynia in touringkar. Toppie 08.20 SMS Tjitte Jelle en Gertjan H
Gdynia - Hel ( mei in âld bus) 10.00 SMS Tsjeard
Gertjan H en Tjitte Jelle binne der ek. Opm. Aant: De trochsetterspriis is foar harren 12.00 SMS Bram i Baitz
Wij binne der. Jaaaaahoooooooeeeeee Do wizenia. opm. Aant: de debutantenpriis is foar harren 13.00 SMS de evangelisten He Aant, wij ha lêst fan: a. Kosakov b. klamme kontschurft c. geelzucht d. oars nammentlik in goed rjochtingsgefoel! Matheus, Marcus, Lucas, Johannes. Opm. Aant : ik kies foar d. In gemis oan trochsettingsfermogen, insjoch, inset, taktysk fernuft en ierdrykskunde hie ek kind. 13.05 Mail fan Aly de Boer, mem fan Teade en beppe fan Janneke Beste Aant
Ik heb gisteren de hele dag jou verslag gevolgd ( het was niet zo druk op het werk) en moet zeggen dat het geweldig was om dit avontuur zo mee te beleven.
Toen ik gisteravond een smsje van Teade kreeg dat ze "te plak" waren, waren we toch wel blij dat te horen. "de goede raad van mem" heeft er wel toegeleid dat je dan dus geen winnaar bent! Wat Janneke betreft zal goede raad van beppe niet ter harte genomen worden denk ik, want zij gaat nu al haar eigen gang zelfs zonder haar maatje, dit kan nog wat worden voor de hippies!!! Waar zou ze dit toch van hebben? Gisteravond heb ik nog een berichtje gekregen dat ze in een mooi vakantiehuis ln de buurt van Rostock lekker lag te slapen en vrijdag weer naar Wommels terug zal komen. Hartstikke bedankt en ik zal ook voor de laatste koppels de site volgen. Opm Aant: Tige tank. Der binne no al lûden oer in liftwedstryd foar entoesjaste âlders. Ik ha de namme opskreaun. 13.05 Mail fan Marja Graafsma Misschien is het inmiddels al oud nieuws maar Gertjan en Tjitte Jelle hebben de Hel bereikt! Mijn complimenten voor de site. Na een jaar de liftwedstrijd te hebben gevolgd via de site, denk ik dat ik volgend jaar toch maar weer deelnemer wordt ipv toeschouwer;-) Bedankt! Groetjes Marja 17.25 Mail fan Jaring Rispens (spytoptant) Gert-Jan Brandsma belde net met mij en ze zien het niet meer zitten, ze zijn tot Hambrug gekomen maar werden verkeerd afgezet en zijn de afgelopen 2 dagen niet verder gekomen! En daarom zitten ze in de trein naar Enschede en ze hopen om 22.00 weer in Wommels te zijn en dan is het de bedoeling dat ze met een auto meteen non stop naar Hel rijden zodat ze in de loop van morgenmiddag alsnog in Hel zijn!!
Wat een gekken hé! Haha
Oja volgend jaar doe ik ook weer mee want was bang dat ik dit keer weer alles zou kwijtraken zoals geld, GSM en fototoestel en daarom leek het me beter om thuis te blijven maar op 1 januari ben ik mijn GSM krijtgeraakt, is mijn camera stuk gegaan en heb ik een kratje bier verloren met het gokken op de liftwedstrijd winnaars!!
Opm. Aant.: No begryp ik werom der gjin foto's fan it liften op dyn side stean stean. (der steane trouwens wol in protte oare moaie foto's op ) Liket mij goed datst wer meidochst takem jier. 17.30 Mail fan de kwismasters He Aant, wij binne oankaam........ a. 4 kilo ,b. remen c. uracao d.usseldorf e.dens k.aapstad Mar hoe? Troch de magyske v's oftewol vlot, vleantúch, viets. Opm Aant: der juster iets yn de krante oer it rekkenjen fan oansteande skoalmasters, bedoelden se miskien taal? 18.45 SMS fan Tsjeard en Niels Hjirbij wolle wij noch efkes in knipeach dwaan oan Jouke. Dit wie ús Fryske Heiploeglift fan Scheemda nei Hamburg. Hij foarsij dat wij pas woansdei om 13.00 oereoankomme soene, nou sorry Jouke it wiene de 28 oeren dy't wij foarsein hiene. Groetnis 19.00 SMS fan Wybren en Namkje Se ha hjir ek kleurebylden. Ik toch dat alles hjir swart wyt wie. Efkes noch in statistykje: Wij binne hjir yn mei 17 liften kaam. 20.30 SMS fan Wybren
Hoe giet it mei dy 4 klini klowns? de jonkjes. Opm Aant: Der binne tink ik in 4 tal redenen wêrom dit mis gien is: 1. Se soene sels ek gjin lifters meinimme dus woene se in oar ek net freegje 2. Se woene it nij Dútske rekord klaverjassen ferbrekke. 3. Se hawwe lêst fan hechtingsdrang 4. Se meie jim net lije. 21.05 Mail fan Willem Wijnia Ik miende dat Hel in ferskriklik plak wie mar neffens my hie AC/DC dochs gelyk. Sjoch hjir mar foar de tekst: http://acdc-lyrics.wonderlyrics.com/Hell-Ain't-A-Bad-Place-To-Be.html 21.10 SMS fan Tsjeard Wat binne de nammen fan dy âlden dy't tinke ek mei te liften? Ald fan Wommels nei Waddixveen en jong nei Praag en werom nei Waddixveen? Leuk!! Ha ha. Machtich hjir Opm. Aant: Waddixveen? hawwe se dêr ek bingo? Wij jouwe de nammen noch net priis.
21.15 SMS fan Wybren He Aant efkes efter de PC wei? We dogge elkenien de groeten út Hel. Maare, takom jier alternatieve striid tusken âlders? Opm Aant: Tsjonge, jonge. jim sjogge stevige konkurinten seker. Net drok om meitsje, giet wol wer oer. In pear kâlde dagen ... Ik bin yndie no efkes de PC wei. Moat iepeningswurd noch betinke foar de fuotbalkenniskwis bij SDS. Fyts efkes it doarp troch en dan haw ik it. 21.20 Mail fan Jouke Bosma niels en tsjeard goed gedaan had ik ook wel verwacht hoor!! maar nu nog terug naar wommels haha suc^6 verder groeten jouke (chauffeur heiploeg) 23.00 SMS fan Ajax, Hercules, Apollo en Spartacus
Wij binne yn stee. a. Ljouwert b.erlin c.asablanca d. ublin Opm. Aant: Wolkom yn Fryslân 23.20 SMS fan Sjoerd Dankjewol. Wat is it hjir moai..... Wij binne "gedesillusioneerd"mar we ha toch ek in moaie tiid hân. 11.20 SMS fan Tsjeard Justerjûn Jimbar gelyk! Tjitte Jelle op de piano, Teade op de trompet! De kroechtoppers binne allegear foarbij kommen. Lekker koest mei it Fryske folksliet yn'e holle. 13.15 Mail fan allegear Twa kear waarm iten en smoor: 25 euro. Wij bliuwe hjir. Hel is fantastisch. 14.00 SMS fan Jelke Holtrop neef fan Tsjeard "De ein fan elke reis is it paad werom" fan Piter Wilkens draai ik foar jim. 17.00 SMS fan allegear Hoi Aant, de lifters sitte yn de trein. Gean fannacht nei Berlin. Dêr wat bierkes en fierder sjen. We sjogge dêr wol hoe en wat 22.30 De bus De 10 lifters dy't Hel helle hawwe, binne werom yn Wommels. Yn Jimbar wurdt noch efkes neipraten. Prachtige ferhalen oer minsken dy't se moete hawwe. Oer de freeslike Poalske taal, oer it foaroardiel wat se hiene oer de Poalen en wat net terjochte wie, oer de swiere tocht, oer it goedkeape bier en iten en oer de trein dy't noch opstookt waard mei koalen. "De moaiste mar ek swierste tocht oant no ta", sa wie it algemiene oardiel. ![]() Mar wêr is Janneke? Tiisdei krigen wij de melding dat Janneke troch 2 hippies meinommen wie foar in lift nei Berlin. Lange tiid hearden wij neat mear. In ûngerêste oppasmem en in ûngereste beppe openearden harren. Wij krigen krekt in foto's fan Janneke binnen dy't bij Berlin yn de snie stie te liften. Underwilens is ek sij werom op de Terp yn Wommels ![]() Fan wa se dat liften hat?: ![]() Deutsch
Kaske.de is de ynternet side fan in plysjeman dy't Wybren en Namkje meinommen hie. Op syn eigen side hie hij in fermelding makke oer dizze striid. Der binne al twa reaksjes kommen yn syn "gastenboek" Gerrit en Anneke en Wybren en Namkje litte sjen dat sij goed Dúts kinne. LC
De Ljouwerter Krante hat ek dit jier wer twa kear in artikeltsje wijden oan de liftwedstryd. Op 3 jannewaris stiet it ûndersteande artikel yn Gehoord en Gezien ![]() Ein
Miskien dat oer in oantal wiken, at alle foto's klear binne en de film dy't Tsjeard en Niels makke hawwe klear is, dat er in gelegenheid komt om dat nochris mei belangstellenden te sjen. Mei wat Hellige muzyk moat dat wol slagje yn Jimbar.
It liftdossier mei foarbeskôgings kinne jim hjir fine.
|
| Geplaatst door: Willem op 1 januari 2006 |